Flyers ferliezen earste finale

16 mrt 2006 - 18:07
Foto: Omrop Fryslân

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers binne yn de earste finalewedstriid tsjin de Emperors út Nijmegen hurd ûnderút gien. It waard op it Hearrenfean 1-5 foar de besikers. De Feansters koene allinnich yn de earste perioade noch aardich meikomme mei in 1-1 stân, mar dêrnei krigen de Emperors de wedstriid stevich yn hannen.

Freed moatte de Flyers yn Nijmegen besykje de stân wer yn lykwicht te krijen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)