Sjitterij yn Wâlterswâld

© Omrop Fryslân
Der hat woansdeitenacht sjitterij west yn Wâlterswâld. De plysje hâlde by in rûtinekontrôle oan de Foarwei in auto oan. In ynsittende sloech ferfolgens in plysjeman tsjin de flakte. De agint rekke út de tiid. De oare plysjeman waard bedrige. Hy skeat doe inkelde kearen mei in fjoerwapen.
De auto waard letter yn Jistrum oanhâlden. Ien ynsittende hie in skampskot oan syn holle en de oare in wûne yn it skouder.