Pijper krijt wer nij kontrakt

16 mrt 2006 - 15:48

Speedwayer Theo Pijper (26) fan Rinsumageast giet noch in seizoen fierder by de Edinburgh Monarchs. De kontraktferlinging is foaral belangryk omdat Pijper no syn materiaal oanskaffe kin.

Pijper wol ek dit seizoen meidwaan oan de Europeeske Cup en de Wrâld Cup. Dêrneist leit it ek yn de planning dat hy meidocht oan de Wrâldkampioenskippen langebaan. It wurdt al wer sys fyfde seizoen by de Skotse club.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)