No ek 2-jierrige hbo-opliedings

© Omrop Fryslân
Sawol de NHL as de CHN yn Ljouwert meitsje gebrûk fan de nije mooglikheden om hbo-opliedingen fan twa jier oan te bieden. Gewoanwei duorret in hbo-oplieding fjouwer jier.
It giet om in maatregel fan steatssiktaris Rutte. Dy wol mei koartere opliedingen mear studinten út it middelber ûnderwiis lûke. Studinten krije nei twa jier gjin folweardich hbo-diploma, mar in saneamde Associate degree.