Feestband Lays hâldt dermei op

16 mrt 2006 - 12:06

De Fryske feestband Lays út Bitgum hâldt der nei 15 jier mei op. Neffens de bandleden hat it moai west. Lays hat mear as 1000 optredens jûn yn binnen- en bûtenlân. Dit jier makket de band in soart fan ôfskiedstoernee wêrby noch yn in grut tal feesttinten spile wurde sil. Takom jier febrewaris is it dan nei 15 jier definityf dien.

It is noch net bekend wat de bandleden dwaan sille. Sjonger en gitarist Rintsje Kas giet fierder as trûbadoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)