Undernimmers kritysk oer Balk

16 mrt 2006 - 10:26

Yn Balk wurdt tefolle praat en te min dien. Dat is de grutte krityk fan de ûndernimmers yn it doarp. Woansdeitejûn wie der in byienkomst oer de plannen foar Balk.

Hoe it sintrum derút komt te sjen mei de Balksters sels bepale. De kommende moannen meie se noch mear plannen betinke foar de takomst foar harren doarp. Der lizze miljoenen euro's klear foar ûnder oaren nije wenningen en foarsjennings foar toeristen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)