Kursus tsjin fallen

© Omrop Fryslân
Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert joech woansdei it startsein foar de earste falprevinsje-trainingen fan de Stichting Welzijn Ouderen. Alle jierren falle der 120.000 âlderen by it rinnen. 30.000 fan harren rinne slimme ferwûnings op, lykas in brutsen heup.
De falprevinsje-kursus begjint mei in screentest. Dy mjit hoe grut it risiko op in falpartij is. De kursus wurdt troch gjin inkelde fersekerder fergoede.