Wenje yn stinzen en kleasters

15 mrt 2006 - 23:38

Der is yn Fryslân ferlet fan djoere hûzen yn de foarm fan âlderwetske stinzen of kleasters. Dat de konklúzje fan in rapport dat opsteld is yn opdracht fan de Stedsregio Ljouwert en de Westergosône. Ien sa'n stins soe plak jaan moatte oan twa djoere apparteminten. Yn in nij kleaster kinne sa'n 100 apparteminten komme.

It idee foar de stinzen en kleasters is twa jier lyn ûntstien. Der kinne sa'n 10 stinzen en 5 kleasters boud wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)