Aaisykjen bliuwt mooglik

15 mrt 2006 - 16:16
Foto: Omrop Fryslân

It aaisykjen kin dit jier gewoan trochgean. De rjochtbank fan Ljouwert hat dat woansdei bepaald. Faunabeskerming hie frege om it ljipaaisykjen te ferbieden oant it momint dat de rjochter goed nei de ynhâld fan de fergunning sjoen hie. De rjochter hat dat fersyk ôfwiisd.

De rjochter docht letter noch útspraak oer de ynhâld fan de fergunning, mar dat stiet it aaisykjen dit jier net mear yn de wei.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)