IIshockey: Landman tsjin Landman

15 mrt 2006 - 15:46

De play-offwedstriden om de lânstitel iishockey tusken Hearrenfean en Nijmegen binne ekstra spannend foar de famylje Landman. Jacco Landman spilet al jierren by de Vadeko Flyers, mar broer Erik stapte ferline jier oer nei de Emperors út Nijmegen. Heit Jaap Landman is manager by de Flyers.

De earste wedstriid is woansdei op it Hearrenfean, freed is it twadde duel yn Nijmegen. Wa't it earst trije kear wint is nasjonaal kampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)