Plomfee mei yninte

15 mrt 2006 - 12:40
Foto: Omrop Fryslân

Plomfeehâlders meie fan tongersdei ôf harren fûgels ynintsje litte tsjin de fûgelgryp. It giet om hinnen, kalkoenen, einen en guozzen dy't gewoanwei bûten skarrelje.

De fûgels krije trije faksinaasjes en der wurdt bloed ôfnommen. Trije wiken nei de twadde faksinaasje meie de bisten wer nei bûten. By konstatearing fan fûgelgryp yn ús lân wurdt plomfee yn de omjouwing wol romme, as it no yninte is of net.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)