'Ynspeksje ûnderwiis moat werom'

15 mrt 2006 - 11:46

De ûnderwiisynspeksje moat weromkomme yn Fryslân. Dat seit deputearre Mulder. Op it stuit sit it ynstitút yn Grins. Der is wol in ynspekteur foar Fryslân, mar der is hjir in festiging nedich. De ynspeksje sit no te fier fan it saneamde wurkfjild ôf. Der is te min bining mei bygelyks de Fryske taal en kultuer. As de ûnderwiisynspeksje fanút ien gebou yn Fryslân wurket, is dat posityf foar it taalbelied en it ynrinnen fan de ûnderwiisachterstannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)