'Sâltwinning stopsette'

© Omrop Fryslân
De sâltwinning yn it noardwesten fan Fryslân moat stopset wurde oant der mear dúdlik is oer de skealike gefolgen derfan. Dat fine de steatefraksjes fan GrienLinks en SP. De partijen bringe dit woansdei oan de oarder yn de steaten.
Neffens de fraksjes moat der mear ynformaasje komme oer ûnder oaren de fersilting en de fersakking fan de grûn. Oant dy tiid soe de sâltwinning stopset wurde moatte.