Bus fergees foar 65-plussers

14 mrt 2006 - 22:16

Amelanners boppe de 65 jier meie tenei fergees mei de bus op it eilân. De gemeente hat dat mei ferfierder Arriva en in tal ûndernimmers út Buren ôfpraat.

Mei yngong fan 1 april betelje de trije partijen it busferfier op it eilân. Se wolle sa besykje it nivo yn stân te hâlden en te ferbetterjen. Troch de ekstra bydrage kinne âldere eilanners fergees mei. It giet foarearst om in proef fan in jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)