170 wenten foar Bûtenpost

© Omrop Fryslân
De nije wenwyk oan de súdkant fan Bûtenpost hat romte foar maksimaal 170 wenten. Dat docht bliken út it foarûntwerp-bestimmingsplan. Wat de gemeente Achtkarspelen oanbelanget wurdt de wyk yn fasen oanlein. De start sil yn 2007 wêze.
In appartemintekompleks mei 22 wenten en seis kavels foar wenjen en wurkjen binne ek ûnderdiel fan de earste fase. Dat sil nei alle gedachten pas yn 2010 boud wurde.