Flotbouwe op Starteilân

© Omrop Fryslân
Personielsferienings kinne op it Starteilân yn de Snitsermar in flot bouwe fan beamstammen. In eveneminteburo foar bedriuwen en ferienings biedt dy aktiviteit dit jier foar it earst oan. Der kinne tsien flotten tagelyk boud wurde. Oant santich minsken deroan meidwaan.
Yn teams wurdt dan tsjinelkoar fearn op in foarôf betocht trajekt. Op it eilân is oars net folle te dwaan as silerij mei de Snitswike.