Fûle brân op 'e Westerein

© Omrop Fryslân
Oan de Boppewei yn de Westerein hat moandeitemiddei in koarte, fûle brân wêst yn in hok. Dat stie njonken in tal loadsen fan in fiskkwekerij. De pleatslike brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar it hok is foar it grutste part útbaarnd.
De brân ûnstie yn in houtkachel dy't brûkt wurdt om de njonkenlizzende loadsen te ferwaarmjen. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.