Fergunning haven Terherne skorst

© Omrop Fryslân
De bestjoersrjochter yn Ljouwert hat moandei de fergunnings foar de bou fan de klassike skipshaven yn Terherne foarearst skorst. Letter dizze wike wurdt dúdlik wêrom.
Alde skipstipen moatte in plakje yn de haven krije, dy't op it plak fan de âlde iisbaan komme sil. Earder wiene dêr plannen foar huzebou. De inisjatyfnimmers fan de klassike haven ferwachtsje net dat it beslút in soad fertragings opsmite sil.