Meditearje op it provinsjehûs

14 mrt 2006 - 10:28
Foto: Omrop Fryslân

It provinsjehûs yn Ljouwert hat sûnt tongersdei in meditaasjesintrum. Amtners kinne harren dêr út en troch eefkes weromlûke. Se kinne ek in meditaasjekursus folgje. It doel fan it sintrum is dat se leare harren better te ûntspannen. Der hawwe harren 86 meiwurkers opjûn foar de kursus.

It meditaasjesintrum is foarearst in proef. As de reaksjes posityf binne, is de kâns grut dat it nije provinsjehûs ek sa'n romte krijt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)