Hearrenfean ferliest fan Utrecht

13 mrt 2006 - 21:59
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean hat yn de striid om it fyfde plak djoere punten lizze litten. De Feansters ferlearen mei 2-0 fan de direkte konkurrint Utrecht. Yn in minne wedstriid tusken twa ploegen dy't gjin fan beide ferlieze woene iepene Robin Nelisse yn 'e 68ste minút de skoare foar de thúsploech: 1-0.

Hearrenfean krige wol kânsen, mar benammen Bruggink en Hansson faalden yn de ôfwurking. Fortuné skoarde yn de 90ste minút 2-0 foar Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)