Himmelwike It Hearrenfean

13 mrt 2006 - 14:31
Foto: Omrop Fryslân

Yn de gemeente Hearrenfean begjint op 27 maart de earste himmelwike fan dit jier. Nei It Hearrenfean is it de beurt oan Eaststellingwerf, Ljouwert, Harns en Opsterlân. Basisskoalle-learlingen sille yn 'e himmelwike mei ûnder oare gemeenten, wenningbou-ferienings en ôffalferwurker Omrin de striid oangean mei swerfôffal.

Mei elkoar dogge sa'n hûndert basisskoallen mei goed achttûzen learlingen mei oan de himmelaksjes.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)