Flyers ferslaan Geleen mei 2-6

13 mrt 2006 - 13:50

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers pakten sneontejûn troch. Yn Geleen waard tsjin Ruijters Geleen de tredde oerwinning boekt yn de heale finale fan it Nederlânsk kampioenskip. De Feansters wûnen mei dúdlike sifers, want it waard 2-6 foar de Flyers.

Troch dit resultaat pleatse de Flyers har direkt foar de finale fan it NK. Yn dy finale binne de Nijmegen Emperors de tsjinstanner. Yn dy finale giet it ek om de 'best of fiif'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)