Snits ferliest fan Appingedam

© Omrop Fryslân
Sneins haadklasser Snits ferlear snein op eigen fjild fan de nûmer 13 fan 'e ranglist Appingedam mei 1-2. Yn de earste helte kaam Snits op in 1-0 foarsprong troch in penalty fan Age Hains Boersma.
De Grinslanners makken noch foar it skoft de lykmakker en skoarden yn de twadde helte de winnende treffer. Age Hains Boersma miste fiif minuten foar de ein fan 'e wedstriid noch in penalty.