Aris wint fan Nijmegen

© Omrop Fryslân
It is basketballers fan Aris slagge om de earste wedstriid fan de twadde kompetysjeronde te winnen. Yn in prima wedstriid wûnen de Ljouwerters sneontejûn op it Kealledykje mei dúdlike sifers fan Matrixx Magixx út Nijmegen.
It waard 101-88 foar Aris. Tim Whitworth wie de topskoarer by Aris mei 32 punten. Lucious Wagner wie goed foar 20 punten en de IIslander Hlynur Thorvaldsson skoarde 13 punten.