Taksysjauffeur krijt klap

© Omrop Fryslân
In taksysjaufeur(44) is sneontejûn yn syn eigen taksybus mishannele troch ien fan syn passagiers. De man wie ûnderweis nei Hylpen mei fiif jonges en in famke. Omdat it famke spuie moast, stopte de man syn taksy oan 't Oost yn Hylpen en woe er ôfrekkenje.
De passagiers joegen him mar in pear euro. Doe't de sjaufeur om 50 euro frege joech ien fan 'e jonges him in klap yn it gesicht. De man rekke hjirby krekt boppe syn rjochtereach ferwûne.