Cambuur wint fan Volendam

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert hat moandei mei 2-1 wûn fan de nûmer twa yn de earste divyzje: Volendam. Cambuur kaam yn de 23ste minút op 1-0, troch in goal fan Roosenburg. Yn de 58ste minút makke Karim der 2-0 fan.
Dissels wist de skoare foar Volendam noch oant 2-1 werom te bringen. Cambuur slagge der yn de hektyske einfase yn om de foarsprong fêst te hâlden. Der wiene kânsen om fierder út te rinnen, mar dy waarden net mear benut.