Aksje bringt soad jild op

12 mrt 2006 - 16:16

Der is al 60.000 euro ynsammele foar de aksje 'Fietsen voor Onderwijs'. It jild sil brûkt wurde foar ûnderwiisprojekten yn Afrika. Op ferskate wize is it jild ynsammele. Sa binne der 5000 flessen wyn ferkocht en oare aksjes hâlden.

Foarsitter Henk Kroes fan de Fryske Alvestêden sil foar de aksje dizze simmer mei noch tsien oaren fan Boalsert nei Ghana fytse. Dat is in tocht fan goed tsientûzen kilometer. Doel is om 100.000 euro op te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)