Soad oanspielde brúnfisken

12 mrt 2006 - 16:16

Der spiele hieltyd faker brúnfisken oan op de Nederlânske kust. De ôfrûne moanne binne der 10 libbene brúnfisken oanspield en opfongen yn it Dolfinarium yn Harderwyk. Begjin maart spielden noch fjouwer brúnfisken oan op it strân fan it Amelân. Trije wiene al dea, ien is oerbrocht nei it opfangsintrum.

In tekoart oan foedsel yn de see by Skotlân soe in mooglike ferklearring wêze foar it oanspielen fan de brúnfisken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)