D66 út it kabinet?

© Omrop Fryslân
D66 Fryslân wol lanlik de diskusje oangean oer fierdere dielname fan de partij oan it kabinet. Dat seit foarsitter Dirk van den Berg fan D66 yn Fryslân. Dit nei oanlieding fan de riedsferkiezings, wêrby't de partij yn Fryslân net ien sit wist te hâlden.
Dat komt foar in part troch de strapatsen fan D66 lanlik, tinkt Van den Berg. Hy wol dúdlike feroarings sjen noch foar de nije ryksbegrutting. Sa net, dan moat D66 út it kabinet.