Meint Berkenbosch 12e yn Zwolle
Marwin van der Pluijm út Hank is de winner wurden fan de 46e edysje fan de hurdfytswedstriid 'de Ster van Zwolle'. Hy wie de sterkste yn in kopgroep fan alve man.
Meint Berkenbosch fan Aldeberkeap waard de bêste Fries op in tolfde plak. Berkenbosch waard útroppen ta striidlustichste hurdfytser yn dizze koers.