Flearmûzen yn Grou bedrige

© Omrop Fryslân
In seldsume flearmûzekoloanje yn Grou wurdt bedrige troch de bou fan in nij soarchsintrum. De flearmûzen sitte al 25 jier tusken de spoumuorren fan it hûs fan de famylje Hof oan de Gruttostraat.
It nije soarchsintrum komt krekt te stean op de fleanrûte fan de bisten. Dat skriuwt de Fryske Feriening foar Fjildbiology oan de gemeente. Sy wize der fierder op dat der foar de bou earst goed ûndersyk dien wurde moat.