'Foks gjin grutte aairôver'
De ferbettering fan de greidefûgelstân moat gebietsgerjocht oanpakt wurde. Dat sei Teunissen fan Sovon Fûgelûndersyk sneon op in kongres yn Nijkerk. De foks is net oeral 'it lilke bist', mar ek mûzebiters en ielrigers binne mandélich oan it tebekrinnen fan de greidefûgelstân.
It ûnôfhinklike ynstitút Sovon hat ek by Bontebok en Langsweagen ûndersyk dien. Dêr waarden kamera's ophongen by nêsten.