Oare oanpak Voedselbanken
De organisaasje fan de Voedselbanken yn Nederlân moat profesjoneler opset wurde. Ek yn Fryslân. Dat wol de lanlike organisaasje foar de Voedselbanken. Fryslân krijt yn it nije systeem trije Voedselbanken.
Yn de Súdwesthoeke, de Súdeasthoeke en ien yn it tredde part, it Noarden fan de provinsje. Fierder komme der op tal fan plakken stipepunten en itens- útdielpunten. De organisaasje wol net te folle fersnippering.