Accolade keapet mooglik kleaster

© Omrop Fryslân
It âlde kleaster fan Wytmarsum wurdt mooglik ferkocht oan wenningboukorporaasje Accoladegroep. It gebou wurdt no noch brûkt troch de needopfang foar útprosedearre asylsikers.
Eigner Theo van de Molen wol it gebou ferkeapje en is dêrfoar yn oerlis mei de Accoladegroep. Earder hie de stifting Philadelphia plannen om it te keapjen, mar dy sjocht derfan ôf. Philadelphia woe soarchwenningen bouwe.