Utstalling oer nijkommers iepene

11 mrt 2006 - 13:31

By argyfsintrum Tresoar yn Ljouwert is freed de útstalling `Nieuwkomers in Friesland' iepene. De útstalling lit sjen hoe 't al ieuwenlang grutte groepen ymmigranten nei ús provinsje komme. Fan de Dútske Hannekemeijers yn de 19de ieu, de Belgyske flechtelingen yn de Earste Wrâldoarloch oantemei de asylsikers fan ús tiid.

It falt op dat de `nijkommers' troch de jierren hinne mei iepen earms ûntfongen binne yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)