Skarsterlân hat ynformateur

11 mrt 2006 - 12:06

Ap Timmermans is ynformateur by de foarming fan it nije kolleezje foar Skarsterlân. Alle riedsfraksjes fan de gemeente hawwe dêr mei ynstimd.

Timmermans wie goed tolve jier wethâlder yn de gemeente Ljouwert. Yn dy funksje hie er ûnder oare VROM, ferkear en ferfier en kultuer yn 'e portefeuille. Sûnt 1998 is Timmermans direkteur fan Hûs en Hiem. No sil er him dwaande hâlde mei it foarmjen fan in nij kolleezje yn Skarsterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)