Les foar Belgyske keatstrainers

© Omrop Fryslân
Belgyske keatstrainers krije sûnt koart in Fryske oplieding. Dit wykein krijt de earste trainer, Geert Vandervelden syn diploma, yn Frjentsjer. Yn België jout hy op syn beurt les oan 14 oaren, dy't sa ek wer in professionele oplieding krije.
Dit is de earste oplieding foar Belgyske keatstrainers. It keatsbûn KNKB is der hiel bliid mei. In goeie oplieding yn België kin it nivo fan it ynternasjonale keatsen ferbetterje.