Himpkweker út de Sweach fêst

10 mrt 2006 - 21:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Beetstersweach hat de plysje tongersdeitejûn in 33-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden foar it kweken fan himp.

Middeis al waarden yn in gebou oan de Beetsterwei 1200 planten fûn. De himp en it materiaal dat nedich is foar de kwekerij is ûnderwilens ôffierd en ferneatige. De fertochte is nei it plysjeburo yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)