Basisskoalle Nijlân iepene

10 mrt 2006 - 20:35

Nijlân hat tongersdei de nijbou fan basisskoalle De Earste Trimen iepene. Bysûnder is dat de meubels yn de skoalle allegearre mobyl binne. Dat is omdat der yndividueel lesjûn wurdt. In learling út groep 6 kin bygelyks sa mei stoel en taffeltsje oanskowe by groep 7 as hy of sy mei it rekkenjen fierder is.

Der is 24 wiken wurke oan de nijbou. Op 'e skoalle yn Nijlân sitte 130 bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)