Keamerfoarsitter op besite

© Omrop Fryslân
Twadde-Keamerfoarsitter Frans Weisglas komt nije wike moandei op besite yn Fryslân. Hy sil earst nei museum Belvedere yn Oranjewâld en dêrnei nei ûndersykssintrum Wetsus yn Ljouwert. Ta einbeslút hat Weisglas in petear mei boargemaster Dales fan Ljouwert en kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels.
Weisglas krijt moandei selskip fan de Fryske keamerleden Rendert Algra (CDA) en Piet Straub (PvdA).