Selstraf foar deadlik ûngelok

10 mrt 2006 - 20:33

In man dy't yn febrewaris ferline jier by Dearsum in deadlik ûngelok feroarsake, hat tritich moannen sel krigen. De man mei ek fiif jier lang net autoride. De rjochtbank rekkenet it him swier oan dat er mei drank op achter it stjoer krûpt wie.

Koart nei it deadlike ûngelok hat de man noch twa kear mei drank op autoriden. Doe rekke er ek noch wer in kear belutsen by in ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)