Listferbining kostet riedsit

© Omrop Fryslân
De listferbining tusken ChristenUnie en SGP yn Dantumadiel hat de earste partij in riedssit koste. Sûnder listferbining hie de CU trije sitten krige, no binne dat der twa. Dat komt omdat de SGP de kiesdeler net helle hat. De sitewaasje wie sa bysûnder, dat de lanlike Kiesried yn Den Haag deroan te pas komme moast. De sit dêr't it om gie, is úteinlik nei Dantumadiel '82 ta gien.