Jongerein komt net nei stimbus

10 mrt 2006 - 20:29

In aksje fan de gemeente Dantumadiel om jonge minsken nei de stimbus te krijen, hat net folle fertuten dien. Minsken dy't foar it earst stimme mochten, krigen in brief mei in oprop om ek echt te kommen. 44% hat dêrnei harke. Mei elkoar helle Dantumadiel in opkomst fan 66%.

De jongeren makken kâns op in kadobon fan 50 euro as se stimme soene. Tolve fan dy bonnen wurde nije wike útdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)