Asylsikers De Lemmer protesteare

10 mrt 2006 - 17:29

Hast alle 250 bewenners fan it AZC op 'e Lemmer sille tiisdei demonstreare. De asylsikers gean nei it gemeentehûs dêr't se protesteare tsjin it belied fan minister Verdonk fan Frjemdlingesaken.

Der is in soad ûnrêst en spanning yn it AZC. In protte minsken binne benaud dat se op strjitte set wurde. Inysjatyfnimmer fan de demonstraasje is de 39-jierrige Ali Kahnouma út Iran dy't mei syn gesin yn it AZC wennet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)