Alice in Chains nei Wâldrock

© Omrop Fryslân
De romrofte Amerikaanske grungeband Alice in Chains stiet dit jier op it Wâldrockfestival yn Burgum. Alice in Chains komt út grunge-haadstêd Seattle. De band wie mei Pearl Jam ien fan 'e grûnlizzers fan de grunge.
De sjonger fan de band, Layne Staley, kaam in pear jier lyn te ferstjerren oan in overdosis drugs. De band giet op toernee mei in nije sjonger. De rest fan 'e besetting is orizjineel. Wâldrock is dit jier op sneon 1 july.