Merklapen lûke 25.000 besikers

© Omrop Fryslân
De tentoanstelling fan Fryske merklapen 'Letter voor letter' yn it Fries Museum yn Ljouwert hat 25.000 besikers lutsen. Dit is in rekord. Der binne nea earder safolle besikers ôfkommen op in tekstylútstalling yn it Fries Museum. Boppedat waard de eksposysje troch de minsken wurdearre mei in heech rapportsifer: in dikke acht.
Snein is de feestlike ôfsluting. Dan is der ûnder oare in moadeshow.