Kampanje tsjin dumpe fan ôffal

© Omrop Fryslân
Mei in grutte kampanje wolle alve organisaasjes yn Súdeast-Fryslân wat dwaan tsjin it dumpen fan ôffal yn de natuer. Oant en mei maaie wurdt mei foarljochting en ekstra tafersjoch besocht dat oan te pakken.
Fanút de oerheid dogge de gemeenten East- en Weststellingwerf, Hearrenfean en Opsterlân mei oan de kampanje. Oare dielnimmers binne Wetterskip Fryslân, Rykswettersteat, Steatsboskbeheer en Natuermonuminten.