VC Snits lûkt him werom

© Omrop Fryslân
It frouljusteam fan Volleybalclub Snits hat him weromlutsen út de earedivyzje. De club hat te min jild om takom seizoen yn de heechste divyzje út te kommen. Dat betsjut ek dat de froulju degradearje nei de earste divyzje.
De ploech einige dit jier as lêste yn de reguliere kompetysje. De ploech soe yn de saneamde play-out útkomme tsjin VVC. It bestjoer is noch op syk nei sponsors om volleybal op it heechste nivo yn Snits te realisearjen.