Ritsma net nei WK as reserve

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma lûkt him werom as reserve foar it Wrâldkampioenskip Allround fan 18 en 19 maart yn Calgary. De reedrider fan De Lemmer protestearret dêrmei tsjin de seleksjemetoade foar it WK. Ritsma is it net iens mei it selektearjen fan Carl Verheijen. Neffens Ritsma hie it bûn de Wrâld Cup wedstriden ôfwachtsje moatten.
Yntusken hat Carl Verheijen ek ôfsein foar it wrâldkampioenskip. De TVM-reedrider is net fit genôch.