Cambuur lyk tsjin De Graafschap

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn yn Doetinchem mei 3-3 lyk spile tsjin De Graafschap. Yn in spektakulêre wedstriid kamen de Ljouwerters yn de earste helte mei 2-0 foar troch goals fan Nijssen en Karim. Foar it skoft makke Van Beukering de oanslutende treffer en deselde spiler makkeyn de twadde helte ek de 2-2.
Cambuur like de winst te pakken doe't Hooyboer yn de 89e minút 3-2 makke, mar yn de 94e minút kaam dochs noch de lykmakker fan Ten Brink.